Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
20-04-2009

Folksferhalen út Frjentsjerteradiel

Hûnderten ynwenners fan Frjentsjerteradiel hawwe yn alve jûnen ferhalen ferteld oer harren doarp. In oantal fan dizze ferhalen binne opskreaun en it boek dat derfan makke is komt út op 16 maaie 2009. It hat de titel meikrigen: “Fan Duveldrek nei Hoarnestreek”. De feestlike útrikking fan it earste boek fynt  plak by Duveldrek om 10.00 oere moarns.

Duveldrek leit tusken Achlum en Hitsum en wa’t komt moat learzens meinimme. Mar dan binne we noch net klear! Alle doarpen hawwe meidien en dêrom is der in estafette by de doarpen lâns, de Hitsummers bringe it boek yn Tsjom, de Tsjommers bringe it boek yn Sweins en sa giet dat de hiele middei troch. Tsjin kertier foar seizen belânje wy dan wer yn Achlum, it lêste doarp. Fan elk doarp is it Doarpsbelang dwaande in orizjinele manier te betinken hoe’t men it boek yn it folgjende doarp krijt. As tank wurdt der yn alle doarpen in ferhaal foarlêzen troch ien fan de skriuwers. It boek is dêr te keap en de skriuwers kinne it sinjearje. As it programma bekend is wurdt it publisearre op de hiemside; www.fryskspektakel.nl en yn de parse. Fan elk doarp wurde de ynwenners en oare belangstellenden útnoege, mar it is ek mooglik om mear doarpen oan te dwaan en sa ferskillende ferhalen te hearen.

Yn it boek “Fan Duveldrek nei Hoarnestreek”, steane de sechstjin doarpen fan Frjentsjerteradiel sintraal.Yn de ôfrûne jierren hawwe Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra ferhalen optekene dy’t troch de ynwenners ferteld waarden.  De auto-, fyts- en kuierrûte yn dit boek rint troch alle doarpen hinne, en  laat nei  tritich plakken mei in ferhaal. Ferhalen oer leafde, lytse en grutte drama’s, fiten fan jongelju, brânstichting en stellerij. Dêrby de foto’s fan û.o. in sûkereifabryk, states, de seedyk en spoekhuzen. De foto’s  binne fan Ruud C. Hoff út Seisbierrum. Fan alle doarpen is in plattegrûn opnommen. Yn it ûnderdiel “Slach troch de buorren” komme histoaryske feiten en anekdoates fan in doarp oan bod.  Dêrby is it boek ek as harkboek te keap; sa kin men it yn ‘e auto brûke, mar kinne ek minsken dy’t muoite hawwe mei Frysk lêzen, de ferhalen hearre.

De gemeente Frjentsjerteradiel stelt alle jierren jild beskikber foar it Frysk Belied. De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel hat dit jild oanfrege om ferhalen fan doarpen fêst te lizzen.

Elk doarp hat syn eigen anekdoates, mar dy reitsje geandewei út it ûnthâld. In betingst foar it opnimmen fan sa’n anekdoate wie dat der noch wat fan oerbleaun is yn it lânskip: in pleats, in grêfstien, in tegel ensfh. Sa kin men sjen wêr’t in foarfal him ôfspile hat. De ferteljûnen yn de doarpen wienen organisearre troch it Frysk Spektakel mei help fan Tresoar:  it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel