Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
05-05-2009

Folksferhalen komme werom yn de doarpen fan Frjentsjerteradiel

Twa jier lyn is de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel begûn mei it sykjen nei folksferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel en dy hawwe we fûn! Op 16 maaie komt it boek: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek út. In boek mei 30 ferhalen, foto’s, in hiel protte anekdoates, in rûte troch alle 16 doarpen, platte grûnen fan de gemeente en de doarpen, in rûte yn elk doarp en histoaryske feiten fan de doarpen. Yn alle doarpen wurdt it earste boek oanbean oan in ynwenner fan dat doarp. Dêrnei sil ien fan de skriuwers: Jetske Bilker, Neeltje Bonnema of Mindert Wynstra, in ferhaal foarlêze dat oer dat doarp giet en sa wurde de ferhalen werom jûn oan it doarp dêr’t se ferteld binne. Elkenien is fan herte wolkom om hjir by te wêzen. It programme fan dizze dei;

12.00 oere yn Tsjom (Fersoargingshûs Martenahiem)

12.35 oere yn Sweins (doarpshûs)

13.00 oere yn Peins (doarpshûs)

13.30 oere yn Skalsum (doarpshûs)

14.00 oere Doanjum (tsjerke)

14.20 oere Boer (tsjerke)

14.35 oere Rie (doarpshûs)

15.10 oere Firdgum (Yeb Hettingaskoalle)

15.45 oere Tsjummearum (tsjinoer de St. Martinestsjerke.)

16.15 oere Easterbierrum (doarpshûs)

16.40 oere Pitersbierrum (Breedplak)

16.55 oere Seisbierrum (doarpshûs)

17.30 oere Hjerbeam (kafee)

17.55 oere Achlum (doarpshûs)

It offisjele part is moarns om 10.00 oere by Duveldrek. Oan de dyk fan Achlum nei Hitsum, leit in eintsje it lân yn Duveldrek. Dêr sil it earste boek oan Boargemaster M.J. Haveman útrikt wurde. Ut de drek by Duveldrek komt in koffer mei sechstjin boeken foar it ljocht en dy koffer giet op reis nei alle doarpen. Hoe’t dy fan doarp nei doarp giet, dat kinne jimme op dizze dei sjen.

Yn elk doarp dat oandien wurdt is op dat stuit it boek te keap en de skriuwers kinne it sinjearje. It boek kostet €12,50 en op dizze dei krije jo der fergees in grutte rûtekaart by. It boek is ek te keap as harkboek en dat kostet €15,00.

Yn it boek “Fan Duveldrek nei Hoarnestreek”, steane de sechstjin doarpen fan Frjentsjerteradiel sintraal.Yn de ôfrûne jierren hawwe Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra ferhalen optekene dy’t troch de ynwenners ferteld waarden. De auto-, fyts- en kuierrûte yn dit boek rint troch alle doarpen hinne, en laat nei tritich plakken mei in ferhaal. Dêrby de foto’s fan Ruud C. Hoff út Seisbierrum. Fan alle doarpen is in plattegrûn opnommen. Yn it ûnderdiel “Slach troch de buorren” komme histoaryske feiten en anekdoates fan in doarp oan bod. Dêrby is it boek ek as harkboek te keap; sa kin men it yn ‘e auto brûke, mar kinne ek minsken dy’t muoite hawwe mei Frysk lêzen, de ferhalen hearre.

De gemeente Frjentsjerteradiel stelt alle jierren jild beskikber foar it Frysk Belied. De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel hat dit jild oanfrege om ferhalen fan doarpen fêst te lizzen.

In betingst foar it opnimmen fan de ferhalen wie dat der noch wat fan oerbleaun is yn it lânskip: in pleats, in grêfstien, in tegel ensfh. Sa kin men sjen wêr’t in foarfal him ôfspile hat. De ferhalen binne foar it grutste part ferteld op de alve ferteljûnen yn de doarpen. Dizze jûnen binne organisearre troch it Frysk Spektakel mei help fan Tresoar: it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum

 

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel