Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Doanjum, 12-11-08

12 novimber 2008 wie de jûn fan Doanjum en Ried.
Theo Kuiper fan Tresoar joech in pear foarsetsjes oan de mear as tweintich oanwêzigen. Hy fertelde oer Moed en Volharding, oer Sytse van der Ploeg dy’t in skilderij wûn mei it keatsen en dat achterop de fyts mei nei hûs naam. En werom at de priis letter ôfskaft waard. Kuiper fertelde oer it kafee dêr’t letter “Baas boppe Baas” opnommen waard en oer doe’t hy 16 jier wie en nei Doanjum gong te kearten en aaien wûn. Oer de “Ronde fan Ried” eartiids en de winner Tiemen Groen.

Al ridlike gau kamen de ferhalen wer los oer bygelyks Arjen Klep, wol bekend yn it doarp. Hy wist net altyd it ferskil tusken dines en mines en hy naam wolris wat fan in oar mei. Sa ek moast hy dêrom in kear foar de rjochter komme. De ferdage en de sjoege gongen tegearre nei Ljouwert nei de rjochtbank ta en kamen wer tegearre, dronken thús. Der waard ferteld hoe de bel fan Arjen wer werom kaam yn it doarpshûs fan Doanjum nei dat dizze bel earst yn Winaam west hat.

Ferhalen oer hoe in bekende ynbrekker troch de reklassearring nei Ried brocht waard en fermoarde is en hoe de beste man syn leste jûn wie.

Teake Oppewal fertelde oer ferskate boeken, û.o. fan de Heringa’s en “Bommen op Saakstra’s brug”, wêrnei de ferhalen folchden oer Boer der it âldste húske fan Fryslân stiet en oer Gerbrich van der Wal die ‘t begroeven is mei har katten op it tsjerkhôf yn Boer. Der kamen jeugdferhalen fan de oanwêzigen oer de sneinskoalle. Hoe it kaam dat in oanwêzige fan dizze jûn mei dominysmefrou op é fûst rekke, oer de kozakken dy’t yn it kampke bivakkearden. En noch folle mear ferhalen kamen der los. Al mei al wie it yn Doanjum wer in noflike jûn dêr de skriuwers grif wer mei foarút kinne......
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel