Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Rie, 30-10-08

Tongersdeitejûn 30 oktober wie it dan safier dat de minsken fan it Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel tegearre mei twa ôffeardigen fan Tresoar nei Rie ta kamen. Sa’n tweintich Riesters wienen nei ‘de Rede’ ta kommen en ek in âld Riester koene wy wolkom hjitte. Efkes nei achten iepene foarsitter Henk Dotinga fan it Frysk Spektakel de jûn en fertelde wat krekt de bedoeling wie. Hjirnei naam Teake Oppewal fan Tresoar it wurd en begûn it ien en oar oer Rie te fertellen. Sa kamen de “Ronde van Ried”, de molkfabryk en de boadetsjinsten mei boat en frachtauto oan bar.

Hjir waard dan troch de oanwêzigen fierder op troch praat en sa kamen der ek oare saken op tafel, sa as de jarresleat dy’t om de pleats tsjinoar de skoalle run. Dit wie de boppe by it keatsen op it skoalplein en it honk mei it sideplakboartsjen yn it doarp. Nei in praatsje oer it kafee waard it ‘Smartlappenfestival’ mei û.o. Grote Jo neamd en ek noch oare saken dy’t him dêr ôfspile hawwe. Al mei al in noflike jûn dêr’t wy as comité Ald Rie ek wer wat fan opstutsen ha. Skriuwster Neeltsje Bonnema sil de ferhalen dy’t se heard hat ta in moai gehiel meitsje en dit komt dan yn in boek oer de doarpen fan Frjentsjerteradiel. Dit boekje mei rûtes lans de doarpen sil takom’ maaitiid útkomme.

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel