Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Hjerbeam, 15-09-08
Op 15 septimber waard de earste jûn nei de simmer fan it Frysk Spektakel hâlden yn Hjerbeam. It sealtsje siet moai fol. Der wiene sawat 15 minsken, mar omdat se allegearre sa’n protte ferhalen hiene, liken it der folle mear. Sa waarden we dizze jûn gewaar dat der nochal wat ferneamde minsken yn Hjerbeam wenne hawwe.

Sa hie Jopie Huisman in pleatske yn Hjerbeam mei in alderferskuorrendste boel guod. Mar doe in jonkje in fytspomp útsocht hie dy’t er graach hawwe woe, sei er;”Ik hâld him dochs sels mar, want wat moatsto der no mei”. Mei de lompen dy’t er sammele koene de bern harren moai ferklaaie. Dat barde allinne op dagen dat Jopie net thús wie, de ferklaaide bern rûnen dêrnei yn optocht troch de buorren.

It gong net allinne oer bekende Friezen, der waard ek ferteld fan âlde Jouke. Hy wenne op it tsjerkhôf. It wie der sa smoarch yn ‘e hûs, alles siet ûnder it roet. As er de bern in pipermuntsje joech, dan wiene sels de pipermuntsjes swart. It húske dêr’t er wenne, is der net mear, mar Teake Oppewal fan Tresoar hie der noch in moaie foto fan en dy liet er sjen op it grutte skerm. Fan de pleats mei de poarte “Siccamastate” wiene ek ferhalen, mar ek in fraach. Foar de restauraasje fan 1972 sieten der twa spesjale dakpannen op de poarte, dat wie foar de dowen. Nei de restauraasje wiene dizze pannen fuort, net ien wit wêr’t se binne. Dat as der noch immen is dy’t it al wit, dan wolle we dat graach hearre.
Dit en noch folle mear kaam op dizze jûn oan de oarder. Jetske Bilker, de skriuwster hat drok oan it skriuwen west en sy sil der ferhalen fan meitsje dy’t yn it boek komme mei folksferhalen fan de doarpen fan Frjentsjerteradiel. Hawwe jimme noch oanfollingen of oare ferhalen dan hearre wy dat graach.
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel