Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Skalsum, 13-10-08
Folksferhalen út Skalsum
 
Skalsum is ien fan de lytsere plakjes fan Frjentsjerteradiel. Op moandei 13 oktober waard dêr de ferhalejûn hâlden yn gearwurking mei Tresoar. De Skalsumers kamen manmachtich opsetten, der moasten in protte stuollen bysetten wurde en sa wie de seal moai fol.

De foarsitter fan doarpsbelang, Catrinus Straatsma hjitte elkenien wolkom. Foarsitter Henk Dotinga fan it Frysk Spektakel lei út wat de bedoeling fan de jûn wie. Dêrnei kaam Theo Kuipers fan Tresoar oan it wurd en hy fertelde wat er fûn hie oer Skalsum en de Skalsumers folden dat oan mei harren ferhalen. De skriuwer Mindert Wynstra hat oantekeningen makke, want hy sil de ferhalen fan dizze jûn opskriuwe, sadat se in plakje yn it boek krije, dat yn maaie 2009 útbrocht wurdt.

Alde en nije ferhalen, der kaam fan alles oan de oarder op dizze jûn. Sa binne der noch al wat mollen op lyts Molswerd, wêrop de ferneamde mollenfanger út Frjentsjer de tip joech dat de namme fan dizze pleats feroare wurde moast,oars soene se nea fan dizze pleach ôfkomme.

Yn 1954 ûntkaam de dûmny krekt oan in ramp, it plafond fan de preekstoel kaam nei ûnderen wylst hy stie te preekjen. Aldergelokkichst krige hy it net op syn holle mar it hiele dak foel foar syn fuotten del.
Der wie ek in dûmny dy faak meidie oan it kuorbaljen. Dat die er yn syn lange swarte jas en mei de hoed op. Oan draven hie er in hekel, hy hie fêst plak lyk ûnder de koer en gjinien koe him dêr weikrije.

Dit is mar in lytse kar út de ferhalen dy’t op dizze jûn ferteld binne. Mar al gau wie it 22.00 oere en waard dizze tige gesellige jûn ôfsluten. De bar bleau noch in skoft iepen en sa kamen der neitiid noch in protte ferhalen los...
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel