Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Extra 01-09-2008

Folksferhalen út Hjerbeam, Rie, Skalsum, Doanjum en Boer

It boek mei folksferhalen oer de doarpen fan Frjentsjerteradiel is al fierhinne klear.

Yn 7 jûnen fertelden de ynwenners fan de doarpen de wûnderlikste ferhalen oer frjemde weddenskippen, in sabel dy’t oan de toer hinget en geasten op it tsjerkhôf. Mar....fan in oantal doarpen hat de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel noch gjin ferhalen. Yn it neijier wurde der noch jûnen hâlden yn de doarpen, Hjerbeam, Rie, Skalsum en Doanjum/Boer. Dan kinne de (âld)ynwenners fan dizze doarpen harren ferhalen fertelle. De skriuwers Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra sette de ferhalen op papier.

De ferhalejûnen wurde hâlden yn de doarpshuzen op moandei 15 septimber yn Hjerbeam, moandei 13 oktober yn Skalsum, tongersdei 30 oktober yn Rie en op 12 novimber yn Doanjum/Boer. Om 20.00 oere sille Theo Kuipers en Teake Oppewal fan Tresoar fertelle wat sy fûn hawwe oer dizze doarpen yn de argiven. (Ald)ynwenners en belangstellenden binne hjir wolkom, de tagong is fergees. It publyk wurdt frege om de ferhalen fan Tresoar oan te follen en om harren eigen ferhalen te fertellen dy’t plak fûn hawwe yn de omkriten.

Yn de maaitiid fan 2009 komt der in boek út mei ferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel. Yn dat boek steane ferhalen mei in foto fan de plakken wêr’t it him ôfspile hat. De foto’s wurde makke troch de Seisbierrumer Ruud Hoff. Dêr wurde rûtes útsetten by alle plakken lâns.

Mear ynformaasje is te finen op de hiemside. De hiemside wurdt hieltyd oanfold mei datums fan de jûnen, ferslaggen en foto’s. Dit projekt wurdt mooglik makke troch: Gemeente Frjentsjerteradiel, Provinsje Fryslân, Plattelânsprojekten, Rabobank Coöperatiefonds, VSB fonds regio Friesland, Boersma-Adema Stichting, Prins Bernard Cultuurfonds, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Sangers van den Biezenbosfonds, Fonds Nij Bethanië, Arjen Wiersma; systeembeheer en kompjûterservice.

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel