Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Extra 04-06-2008
Roelie Greidanus-Anema: “Wy binne op syk nei moaie ferhalen út de doarpen”
 
“Wy moasten fan Hillebrand, ús kommandant, de brêgen by Koetille en Keimptille stikken meitsje. Mei dy fan Koetille wienen wy sa mar klear en doe rûnen wy oer it spoar nei Wjelsryp. Net fia Frjentsjer, want dêr sieten te folle Dútsers en NSB’ers. Wy hienen it gewear oer it skouder en ien fan de ploech sjoude in Bren, in masinegewear. It wie tige tsjuster. By de brêge fan Keimptille setten wy fjouwer wachtposten út. Oan beide kanten fan de brêge twa en de Bren waard klearmakke foar as Dútsers ús oer it mat komme soenen. Doel wie om de brêge fêst te setten en in skip yn de iepening sinke te litten. Dat lêste slagge net hielendal. Ynienen seagen wy yn it tsjuster de silhûeten fan persoanen op de brêge ôfkommen.
Ik tocht, dit komt op de kop ferkeard. Dit moatte Dútsers wêze en dit wurdt sjitten. Mar der barde neat. De Bren bleau stil en de mannen koenen gewoan de brêge opstappe en doe pas seagen wy dat it de knokploech fan Achlum wie. Dy hienen in putsje yn Frjentsjer. It hert sloech my yn de kiel. Eins hienen ús mannen by de Bren sjitte moatten. Mar de twa doarden de trekker net oer te heljen. Wat in gelok! Us maten hienen in goeie kar makke. Mar wat as it Dútsers west hienen? Dan wienen wy kapot sketten. Wy hawwe it de twa neat kwea ôf nommen. Wy wienen gjin trainde soldaten en it deasjitten fan minsken is net sa maklik as it op de televyzje liket. Dus wie der sprake fan in gelok by in ûngelok”.
 
Dit is ien fan de ferhalen dy’t âld fersetsstrider Wybren van der Vaart yn 1990 fertelde. It spile him ôf oan de ein fan de oarloch, by Keimptille. Doe lei dêr noch in brêge oer it kanaal. It is mar ien fan al dy ferhalen dy’t yn de doarpen fan de gemeente Frjentsjerteradiel noch ferteld wurde. Mar hoe lang noch? De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel is benaud dat al dizze ferhalen op termyn ferdwine. Om dat foar te kommen is der in projekt optúgd. Doel is om de ferhalen op te skriuwen en te bondeljen yn in boekje dat yn 2009 útbrocht wurdt. Roelie Greidanus-Anema is de skriuwster fan de Stifting: “It binne ferhalen út pakes tiid. Litte wy sizze fan 1900 ôf en der moat in plak by dêr’t it him ôfspile hat. Der moat noch wat fan te sjen wêze. Yn it boek komme ek foto’s en in rûtekaartsje sadat de lêzers der in moaie dei fan meitsje kinne.”
 
Sjongspektakel
It is it twadde projekt fan de Stifting. Dy is bekend wurden troch de organisaasje fan it Sjong spektakel yn 2005. Alle skoallen fan de gemeente studearren in Frysk ferske yn en brochten dat op in leuke wize op it toaniel op in galamiddei yn de Trije yn Frjentsjer. Rapper Remon prate de middei oan elkoar en Piter Wilkens wie ek fan de partij. Hy hie it lied de Ljip skreaun en song dat dy middei ek. Der wienen doe 900 bern yn de Trije. It projekt waard ôfsluten mei in boekje fol foto’s en 32 nije Fryske ferskes fan ûnder oare Hessel van der Wal, Jelle Bangma, Baukje Wytsma, Leo Dykstra en Akky van der Veer. Wêrom docht de Stifting dit? Roelie: “Us doel is om it gebrûk fan de Fryske taal te stimulearjen. Dat kin ûnder oare troch ferskes te sjongen. Alle skoallen hawwe fan ús in boek, in CD en in lespakket krigen. Wy hoopje dat der in soad gebrûk fan makke wurdt. Want it binne echt moaie ferskes. Der binne op Keninginnedei ek in pear út de bondel songen. Troch skoallebern, Remon en Piter Wilkes. Op it Bredeplak yn Frjentsjer.”
 
Tresoar
Dat projekt is betelle troch ûnder oare de gemeente en tal fan fûnsen en dat bart no wer. Plattelânsprojekten stipet dit projekt mei. De kosten fan it ferhaleprojekt binne rûsd op dik 30.000 euro. It giet om ferhalen út de doarpen. De stêd docht dit kear net mei, omdat der al sa’n soad bekend en opskreaun is fan Frjentsjer. Roelie: “Wy wurkje gear mei Tresoar. Meiwurkers sykje yn it argyf nei gegevens oer de doarpen. Dêrnei geane wy nei in doarp, de datum is fansels fantefoaren ôfsprutsen. Tresoar hâldt dan in ynlieding mei bylden en dêrnei komme de minsken fan it doarp oan it wurd. Sy kinne dan ferhalen of anekdoates fertelle. Der sitte skriuwers by dy’t alles optekenje en der letter in moai en lêsber ferhaal fan meitsje. Guon kinne moai fertelle, oaren wat minder, mar dat jout neat. Sa hawwe wy al yn Achlum, Hitsum, Easterbierrum/Kleaster Lidlum, Seisbierrum/Pitersbierrum, Tsjom en Peins/Sweins west. En wy komme noch yn Hjerbeam, Rie, Skalsum en Doanjum/Boer. De datums komme ynkoarten wol op ús hiemside www.fryskspektakel.nl te stean. As der minsken binne dy’t weet hawwe fan in moai ferhaal út ien fan de doarpen, dan wolle wy dat graach hawwe. Hawwe minsken oanfollingen of binne se net by steat om op de jûnen te kommen dan hearre we ek harren ferhalen graach Dat kin fia de hiemside www.fryskspektakel of op telnr; 0517-641729
 
De frachtwein
Der binne al in soad ferhalen ferteld en opskreaun. Roelie: “Ik wol net tefolle fertelle want it komt ommers yn it boek. Mar sa wie der in man dy’t in nije frachtwein kocht. Dy wie lykwols te grut foar syn garaazje. Hy hie der in stik oanbouwe kinnen, mar dat die de man net. Hy helle in stik fan de eftergevel del en doe koe de wein der wol yn en de doar oan de foarkant koe noch ticht ek. Mar oan de efterkant stie de snút fan de wein op it hiem. It wie gjin gesicht en der is in protte om lake yn it doarp. En dan it skip mei spek. Dat is yn de oarloch sonken by Keimptille. Miskien wie dat itselde skip as wêr’t Van der Vaart oer fertelde. De minsken rôfden it spek út it skip en dat smakke o sa lekker. Der wie in soad fan iten want in dei letter wienen alle doarpsbewenners fan it doarp oan de skiterij.” (Van der Vaart fertelde noch dat hy in pear dagen letter by Harns, doe’t hy op wacht stie, in board iten mei spek krige. ‘Dat komt fan in skip’, sei de frou en se wiisde yn de rjochting fan Ljouwert.)
 
AFUK
Roelie is hikke en tein yn Achlum. Berne op de Kleasterpleats. Se is grutbrocht mei de Fryske taal, mar har âlden wienen gjin puristen. Roelie: “Wy hienen tantes en gjin muoikes, sleutels yn stee fan kaaien. Ik tink net dat der by ús thús geef Frysk sprutsen waard. Mar ja, wat is geef Frysk. De taal moat libje en feroaret dus ek. Mar ik fyn wol dat as jo Frysk prate, dat jo it dan ek besykje moatte goed te dwaan. Ik fyn it bygelyks net moai as minsken sizze; ‘Wat bisto lief of Dat is wol lief’. Sis dan leaf.” Komt der aanst ek in Nederlânske fertaling yn it boek? Roelie: “Der is wol faker nei frege. It antwurd is nee! Wy wolle in Frysk boek útbringe. Dat is it doel fan de Stifting. As minsken it net lêze kinne, dan komme se mar by my op Fryske les!” En dat is gjin dom praat. Roelie is yn tsjinst by de AFUK en jout Fryske les. Dus se wol minsken it Frysk graach bybringe. Mar wêrom is it Frysk sa wichtich foar har? Roelie: “Om twa redenen. Yn it foarste plak is de taal in part fan ús kultuer. It is myn memmetaal. It is de taal wêryn ik my it bêste útdrukke kin. Mar it is ek in moaie taal. Mei prachtige klanken. It Frysk lient him o sa goed foar ferskes. Om te sjongen. Der binne sokke moaie wurden. Wy moatte de taal hoedzje. Bewarje foar ús neiteam.”
 
Guon ferhalen meie net ferteld wurde
Der bart in soad op de doarpen. Ek no noch. De Stifting is net allinnich yn âlde ferhalen ynteressearre. Ferhalen út de jierren ’70 en letter mei ek wol. Mar dan leit it soms wolris wat dreech. Der binne minsken dy’t mei in prachtich ferhaal komme, mar se sizze der fuort by ‘it mei net yn it boek komme’. Roelie: “En dat is o sa spitich, mar as de minsken dat net wolle dan bart it ek net. Sommige saken lizze gefoelich. Ferjit net dat yn guon gefallen de minsken of famyljeleden dêr’t it om giet noch libje en miskien noch wol in it doarp wenje. Mei sokke saken moatte jo hoeden omgean. Derom libje der op de doarpen tal fan prachtige ferhalen dy’t net opskreaun wurde. Noch net. Wa wit komt it miskien nochris safier. In oare kear.
 
Jakkele
De stamtafel is foar jong en âld. Ferhalen en grappen wurde trochjûn, mar soms ek wolris wat moaier makke. Dat heart sa by ferhalen. Dan wurdt it spannend en dan bliuwe se bestean. Eltse kastlein hat syn eigenaardichheden en dat jildt ek foar fêste stamgasten. En as der dan in nije kastlein yn it kafee komt rint it wolris wat mis, want stamtafelgasten en de nije kastlein moatte mekoar earst kennen leare. Dit ferhaal waard yn 1994 ferteld oan de stamtafel fan it Wapen fan Barradeel yn Tsjummearum. It wie yn de tiid dat Doede Dijkstra noch kastelein wie. Ien fan syn fêste stamgasten, Jakkele, pakte foar hy nei hûs gong trije jonkjes. Eltse dei! Doede koe de man as gjin oar en wist dat hy gjin trije ferneare koe. Dêrom kaam de tredde, sûnder dat Jakkele der weet fan hie, gewoan út de spielbak. Dat makke foar Jakkele neat út. Hy priuwde it ferskil tusken wetter en in jonkje net mear nei twa boarrels en hy wie de smaak fan de tredde nei al dy jierren went. Oft hy de tredde ek ôfrekkenje moast seit it ferhaal net, mar it moaie fan de stunt wie dat Jakkele eltse dei rjochtop en tefreden thúskaam. Mar doe naam Van der Leij it kafee oer en hy wie net op de hichte fan dizze gewoante. Hy sette nei de tredde finger fan Jakkele, gewoan de tredde skjinne op it kleed en Jakkele dronk de boarrel, krekt as dy fan Doede, gewoan op. Mar dizze kear foel it jeneverke as in bakstien en dat barde letterlik ek mei Jakkele. Hij kaam oerein, wist de kruk fan de doar noch krekt te pakken, mar klapte doe langút op it grind. Bûtendoar. En dit is echt wier bard, seinen de mannen oan de stamtafel. En se pakten der noch ien. Op Jakkele. Op Jakkele.
GG
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel