Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Tsjom, 31-03-08
Moandei 31 maart kamen de lju fan it Frysk spektakel en Tresoar by ús yn Tsjom.
Sa’n 25 persoanen, ynwenners en in pear âld ynwenners, kamen der op ôf. De hear Dotinga iepene de gearkomste en joech dernei it wurd oan de hear Theo Kuipers fan Tresoar.
Hy fertelde ûnder oaren oer Kostverloren Tiltsje (1500), de meibeam fan Tsjom (31 maart 1795), de belegering fan it âlde kleaster en de Biltlannen. Hy frege oan de seal oft hja der wolris fan heard hienen of it ferhaal oanfolle koene.
De ferhalen begongen stadichoan te libje. Ek út de seal kaam in protte respons.
In weardefol, skreaun boek fan de hear H.G. Cannegieter ea notaris te Tsjom waard sjen litten oan it publyk. It boek (ein 19de ieu) befette ferskate ferhalen mei skitterjende tekeningen oer Tsjom en omkriten. Tige bysûnder.
Nei it skoft kaam de hear Teake Oppewal (Tresoar) oan it wurd en hy makke in rûntsje om Tsjom.
Hy fertelde dat de ferneamde Fryske skriuwer Douwe Tamminga, berne yn 1909, op Laekwerd wenne hie. It âldste skriftdokumint tusken de Romeinen en in Fryske boer is fûn by Lyts Tolsum. De broer fan Jorit Martens, Reynier fan Tsjom wie in Eastyndyske opperkeapman. We hawwe it no oer de tiid fan de V.O.C.
Mar ek de besite fan prinses Beatrix en Prins Claus yn ‘Martenahiem’op 22-12-1974 kaam ter sprake. Sawat net ien fan de Tsjommers hat hjir wat fan fernommen.
Mei oanfollingen út de seal ûnder oaren oer : Droppings yn ‘e oarloch, De lytse Goudberg, Trije Mastershuzen, rún it nei tsienen ta.
En nei’t de foarsitter de gearkomste sluten hie, kamen der ûnder it genot fan in slokje ek noch in protte ferhalen los. Ferhalen al dan net in bytsje oansetten fûnen gretich ôftrek en om
‘wist dat noch wol’ ferhalen waard smaaklik lake.
 
De oanwêzige skriuwer Mindert Wynstra koe ek nei de gearkomste skriuwen bliuwe.
Wy sjogge werom op in tige noflike jûn en we witte seker dat de hear Wynstra foer genôch krigen hat om der wat moais fan te meitsje.
It boek mei ferhalen út de doarpen komt yn de maaitiid fan 2009 út.
 
Geesje Dijkstra
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel