Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Peins, 21-04-08
Om 18.00 oere wurdt der begûn; de kompjûter en de beamer moatte klearsetten wurde mei it skerm, sadat der wer streekrjocht kontakt socht wurde kin mei ynternet. Systeembeheer en kompjûterservice A. Wiersma fan Tsjummearum hie it der wer drok mei hân.
Yn de doarpshuzen is gjin ynternet ferbining en dan moat der in lange kabel lutsen wurde nei in hûs mei ynternet. Dat gong dizze kear oer de dyk hinne, der wie in grut stik tapyt regele sadat de kabel hiel bleau. De stuollen stiene kreas klear, de cake wie snijd, no de minsken noch. De measten wiene net sa betiid, mar goed 8 oere siet it aardich fol. De lêsten sochten in plak oan de bar en doe koe it begjinne. Teake Oppewal fan Tresoar stie der dizze jûn allinne foar. Hy begûn mei de skriuwer Josse de Haan, dy hat yn Peins wenne en dat is werom te finen yn syn boek.
Miskien stie hy wol by de jongelju, dy’t kluten en stienen goaiden yn de pream dy’t fol stront siet, sadat de smurry by de skipper opfleach. Dy pream fear nei it midden fan Peins nei de dwinger. We hawwe prachtige ferhalen heard oer âlde froulju dy’t gjin tee yn de treppot hiene mar wat oars. Oer de frachtweinsjauffeur; hie hy no in te krappe garaazje of in te lange frachtauto? Hy loste dat op troch de achtermuorre út de garaazje te slopen sadat de tsjillen wol binnen stiene, mar it achterein nei bûten stiek. En dan it wûnderlike ferhaal fan it hûs mei de geast, lampen dy’t út en oan geane, de sigarelucht wylst nimmen oan it smoken is...
De jûn wie ek foar de minsken fan Sweins en ek dêr wie fan alles bard. Ferhalen oer Keimptille en it kanaal. Sa kaam der oan de ein fan de 2e wrâldoarloch in boat mei spek lâns. Alle minsken fan Sweins en Peins hawwe der siik fan west. En wy witte no ek dat it net in spoek wie dy’t sjoen is op it tsjerkhôf, mar wat it wol is.......no dit tragyske ferhaal komt fêst yn it boek. Der wienen noch wol folle mear ferhalen mar ek dizze kear wie de jûn te koart. Op dizze jûn hiene we in spesjale gast, in bekende Fries; Jan Arendz fan Tryater. Hy woe wol ris sjen hoe’t it om en ta gong op sa’n jûn fan it Frysk Spektakel en hokker ferhalen der allegear los komme. In tige slagge jûn!
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel