Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Achlum, 10-04-07
Op 10 april 2007 is de earste jûn hâlden yn Achlum. Sa´n 60 minsken sieten dizze jûn yn doarpshûs de Singel.
De man fan de technyk hat it der foarôf tige drok mei hân, want hy moast in kabel fan hast 100 m oer de dyk lizze nei in hûs ta om sa oan in snelle ynternet ferbining te kommen. Mar sa koene Theo Kuipers en Teake Oppewal fan Tresoar op in grut skerm allerhanne ynformaasje en foto’s sjen litte, oer it ferline fan Achlum . Sy fertelden oer Klaas Keunst in bysûndere boer fan Ieslumbuorren en oer it Oera Linda ferhaal fan Achlum. Yn it Nedergerjocht stie it tryste ferhaal fan in 9-jierrige jonge dy’t oppakt waard troch de fjildwachter, hy hie it horloazje stellen fan Obe Westra. Achlumers en âld Achlumers fertelden oer de Rezinen Seize, wêrom de brulloft fan de minsken fan de Sûgereipôle healwei ôfsein waard en hoe it kaam dat de faam fan Gelterp de pleats yn brân stiek. Der wiene ek in oantal minsken dy´t ferhalen wisten oer duveldrek en de âlde panfabryk. De skriuwsters Jetske Bilker, dy´t yn Achlum wennet en Neeltsje Bonnema hiene it tige drok mei it skriuwen.
Sjoch ek ûnder parse; Ljouwerter krante 11-4-07 en 12-4-07
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel