Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Franeker heeft 't 26-02-2008

Folksferhalen út de doarpen fan Frjentsjerteradiel

Hokker folksferhalen libje der yn Tsjummearum en Furdgum, Tsjom, Peins en Sweins?

De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel komt yn alve jûnen yn ferskillende doarpen yn Frjentsjerteradiel om ferhalen te sykjen. Tresoar is útnoege om hjirby te helpen, sy komme op moandei 3 maart yn Nij Bethanië yn Tsjummearum, op moandei 31 maart yn it doarpshûs yn Tsjom en op moandei 14 april yn it doarpshûs yn Peins. Alle jûnen begjinne om 20.00 oere en de tagong is fergees.

 

De earste fjouwer jûnen yn Achlum, Hitsum, Easterbierrum en Seisbierrum binne goed besocht en der kamen in protte ferhalen los. Oer Duveldrek, wêrom hyt dat plak sa en wêr leit it no krekt? Der waard ferteld oer geheime gongen en restanten fan kleasters. Mar ek nijere ferhalen sa as de gasboaring yn Hitsum en wêrom de brêge fan Achlum der ien nacht úthelle is. In protte ferhalen binne út de earste helte fan de 20e ieu. Fiten fan jongelju sa as it stellen fan de sabel yn Easterbierrum of in trageedzje oer in ûngelok mei de tram. Ferhalen dy’t trochferteld binne of dy’t minsken sels meimakke hawwe.

Foar de jûnen yn Tsjummearum/Furdgum, Tsjom en Peins/Sweins siket Tresoar , it frysk historysk en letterkundig museum ut Ljouwert, yn syn argiven nei bysûndere plakken, skriuwers en foarfallen oer it doarp en neiste omkriten. Sy fertelle wat sy fûn hawwe en wêr’t it him ôfspile hat, mar.... in protte minsken witte der noch folle mear fan ôf en sy wurde frege om de ferhalen oan te follen. En om oare ferhalen te fertellen út de omkriten!

Wêr hat it him ôfspile en is der noch wat te sjen? Fan dizze plakken mei de ferhalen wurdt in rûte makke dy ‘t yn it boek mei ferhalen komt. De ferhalen wurde skreaun troch profesjonele skriuwers. Op dizze jûnen komme Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema of Mindert Wynstra te harkjen nei de ferhalen en sy sille der oer skriuwe. Yn it foarjier fan 2009 komt it boek út mei ferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel. By de ferhalen komt in foto fan it plak dêr’t it him ôfspile hat.

Guon minsken yn Achlum en Hitsum witte wêr’t Duveldrek leit, mar wêrom hyt dat plak sa? Hoe komt Koehoal oan syn namme? Wat is der bard mei de skedel yn it keukenskastke. Wêrom hellet in hynder syn baas út it kafee. Wêr leit Potterslân en wêrom hyt dat sa?

Alle doarpen fan Frjentsjerteradiel hawwe harren eigen nijsgjirrige plakjes en markante figueren út it ferline. Wy binne nijsgjirrich nei ditsoarte ferhalen en wolle besykje se boppe tafel te krijen. Yn it neijier binne Doanjum/Boer, Rie, Skalsum en Hjerbeam oan bar.

 


Mear ynformaasje is te finen op de hiemside; www.fryskspektakel.nl. Dizze hiemside wurdt hieltyd oanfold mei datums fan de jûnen, ferslaggen en foto’s. Letter komme der ferhalen en de rûtes by.

Dit projekt wurdt mooglik makke troch: Gemeente Frjentsjerteradiel, Provinsje Fryslân, Plattelânsprojekten, Rabobank Coöperatiefonds, VSB fonds regio Friesland, Boersma-Adema Stichting, Prins Bernard Cultuurfonds, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Sangers van den Biezenbosfonds, Fonds Nij Bethanië.

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel