Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Seisbierrum, 11-02-08
Der wiene sa’n 25 minsken út Seisbierrum en Pitersbierrum nei it Waad takommen om te genietsjen fan ferhalen út it ferline. Ferhalen dy’t se sels belibbe hawwe of dy’t se fan oaren heard hawwe.

Nei in ynlieding fan Tresoar, dy’t ûnder oaren gong oer de patriotten, wie der gelegenheid om te reagearjen of sels ferhalen te fertellen. Der waard ferteld oer markante Seisbierrumers en oer Liauckamastate, dat eartiids in kastiel wie. Guon minsken wisten dat der geheime gongen fan Liauckamastate nei de Herfoarme tsjerke en nei “It kastieltsje”op de Latsmaleane rûnen. De ferneamde túnarsjitekt Roodbaard hat mar leafst 2 Ingelske tunen ûntwurpen yn Seisbierrum, by de tsjerke en by in pleats op de Latsmaleane.
Nei it skoft, kaam Tresoar mei ferhalen oer wichtige skriuwers en dichters út dizze kontreien. Ien fan de skriuwsters, Jetske Bilker, is berne yn Seisbierrum. Sy wie dizze jûn oanwêzich tegearre mei Mindert Wynstra. Sy sille de ferhalen fan dizze jûn opskriuwe.
Bysûnder en ynteressant wiene de ferhalen fan de bewenners by de seedyk. Sy libben dêr sûnder lúkse en wiene ien mei de natuer. Ien fan de lêste ferhalen gong oer de wetterput by Liauckamastate en hoe´t dy put de rêding wie foar de minsken fan Seisbierrum en Pitersbierrum.
Mar sa´n jûn is suver te koart. We sitte noch mei in oantal fragen. Wa wennen der eartiids op It kastieltsje, wêrom hiet de pleats oan de Leane yn Pitersbierrum ´Swart Slot`. Hoe is de hongerpôle oan de Hoarnestreek oan syn namme kommen en wannear. Wa wit der noch wat fan it Hege Wier yn it lân oan de Ottemaleane. Miskien binne der noch wol mear âlde ferhalen. As jimme no tinke, dit moatte se ek noch witte of jim hawwe antwurd op de fragen dan kinne jimme reagearje fia it gasteboek of mail nei This e-mail address is being protected from spam bots, you need JavaScript enabled to view it .
It wie in moaie jûn. De reaksje fan ien fan de besiters wie; ‘Dit moat noch ris in kear”

 

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel