Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Ferslach Easterbierrum, 30-01-08

Sa’n 40 minsken hawwe de jûn besocht op woansdei 30 jannewaris yn Easterbierrum. Dizze jûn wie organisearre troch it Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel.

Tresoar hie in prachtige kaart fan it kleaster fan Kleasterlidlum. Dêr hawwe wol sa’n 600 manlju wenne. It moatte yndrukwekkende gebouwen west hawwe. Fan minsken út de seal krigen we te hearren dat de fûneminten dêr allegear noch lizze en dat it plak fan de wel noch oanwiisd wurde kin. It meast lugubere wie wol dat der by graverij yn de grûn allegear skeletten kreas op in rychje leine. Theo Kuiper fan Tresoar hat de kaart noch ris goed útfergrutte op it grutte skerm en doe koene we sjen dat it kleaster belegere wie en dat de minsken fan it kleaster allegear wapens hiene...

 

De Sint Joris tsjerke fan Easterbierrum.
Gjin hoanne mar Sint Joris stiet op de toer.

Op dizze jûn hawwe we it ferhaal heard hoe’t it kaam dat de sabel fan de plysjeman oan in tried boppe de dyk hong. Kweajongesstreken en hingjongeren binne net allinne fan dizze tiid. Dan wie der noch in tryst ferhaal oer in jonkje út Hongarije dat nei de 1e wrâldoarloch yn Easterbierrum kaam om oan te sterkjen. It is net goed mei him ôfrûn, der stiet noch in stien fan him op it tsjerkhôf. Spitigernôch wie it ferhaal hjir efter net bekend, dat as minsken dat noch witte, dan wolle we graach dat se dat trochjouwe oan de organisaasje.

Sa kamen der op dizze jûn in hiele protte ferhalen los. De skriuwsters Neeltsje Bonnema en Jetske Bilker hawwe drok oan it skriuwen west. Mei de tiid wurde de moaiste ferhalen opnommen yn it boek.

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel