Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
03-01-2008
Folksferhalen út de doarpen fan Frjentsjerteradiel

De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel organisearret alve jûnen yn ferskillende doarpen yn Frjentsjerteradiel om ferhalen te sykjen. Tresoar is útnoege om hjirby te helpen, sy komme op moandei 14 jannewaris yn it doarpshûs yn Hitsum, op woansdei 30 jannewaris yn doarpshûs “it Mienskar” yn Easterbierrum/Kleaster-Lidlum en op moandei 11 febrewaris yn doarpshûs “it Waad” yn Seisbierrum/Pitersbierrum. Alle jûnen begjinne om 20.00 oere en de tagong is fergees.

 
Tresoar siket yn syn argiven nei bysûndere plakken, skriuwers en foarfallen oer it doarp en neiste omkriten. Sy fertelle wat sy fûn hawwe op dizze jûn en wêr’t it him ôfspile hat, mar.... we tinke dat in protte minsken der noch folle mear fan ôfwitte en we freegje harren dan ek de ferhalen oan te follen. En we binne ek benijd oft der noch oare ferhalen binne!
Graach wolle we witte wêr’t it him ôfspile hat, is der noch wat te sjen? Fan dizze plakken mei de ferhalen wurd in rûte makke. De ferhalen wurde skreaun troch profesjonele skriuwers. Op dizze jûnen komme Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema of Mindert Wynstra te harkjen nei de ferhalen en sy sille der oer skriuwe. Yn it foarjier fan 2009 komt der in boek út mei ferhalen út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel. By de ferhalen komt in foto fan it plak dêr’t it him ôfspile hat.
 
Guon minsken yn Achlum en Hitsum witte wêr’t Duveldrek leit, mar wêrom hyt dat plak sa? Hoe komt de Bjuzze oan syn namme? Wat is der bard op Liaukemastate. Wa binne Swarte Gerrit en Marten Blom fan de kastieltsjes? Hoe seagen dy kastieltsjes derút?
Alle doarpen fan Frjentsjerteradiel hawwe harren eigen nijsgjirrige plakjes en markante figueren út it ferline. Wy binne nijsgjirrich nei ditsoarte ferhalen en wolle besykje se boppe tafel te krijen. Yn de maitiid wurde de jûnen hâlden yn Hitsum, Easterbierrum/Kleaster-Lidlum, Seisbierrum/Pitersbierrum, Tsjummearum/Furdgum, Tsjom, Sweins/Peins. Yn it neijier binne Doanjum/Boer, Rie, Skalsum en Hjerbeam oan bar. Tresoar jout op dizze jûnen in foarsetsje oer ferhalen út it ferline fan it oanbelangjende doarp, dit moat in oanset wêze om mei ferhalen of oanfollingen te kommen.
 
Yn april 2007 is de earste jûn hâlden yn Achlum. Theo Kuipers en Teake Oppewal fan Tresoar fertelden oer it ferline fan Achlum. Op in grut skerm lieten se allerhanne ynformaasje en foto’s sjen. Sy fertelden oer Klaas Keunst in bysûndere boer fan Ieslumbuorren, it Oera Linda ferhaal fan Achlum en it tryste ferhaal fan in 9-jierrige jonge dy’t oppakt waard troch de fjildwachter. Achlumers en âld Achlumers fertelden oer de Rezinen Seize, wêrom de brulloft fan de minsken fan de Sûgereipôle healwei ôfsein waard en hoe it kaam dat de faam fan Gelterp de pleats yn brân stiek. In tige slagge jûn dy´t no in ferfolch kriget...
 
Mear ynformaasje is te finen op de hiemside; www.fryskspektakel.nl. Dizze hiemside wurdt hieltyd oanfold mei datums fan de jûnen, ferslaggen en foto’s. Letter komme der ferhalen en de rûtes by.
Dit projekt wurdt mooglik makke troch; Gemeente Frjentsjerteradiel, Provinsje Fryslân Plattelânsprojekten, Rabobank Coöperatiefonds, VSB fonds regio Friesland, Boersma-Adema Stichting, Prins Bernard Cultuurfonds, P.W.Janssen’s Friesche Stichting, Sangers van den Biezenbosfonds
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel