Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
12-04-2007
Folksferhalen út Achlum
 
De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel is op 10 april útein set mei in nij projekt om út alle doarpen fan Frjentsjerteradiel folksferhalen te sammeljen. Op it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet moat noch in hûs, in stien of in oar oantinken te finen wêze. Fan dat plak wurdt in foto makke en dêr komt it ferhaal by te stean. Hjir wurdt in boek fan makke mei rûtes om by dizze plakjes del te kuierjen of te fytsen.
Sa’n 60 minsken sieten der op tiisdeitejûn 10 april yn it doarpshûs fan Achlum. Theo Kuipers en Teake Oppewal fan Tresoar hiene fan alles útsocht oer it ferline fan Achlum en joegen dêr in lêzing oer. Op in grut skerm lieten se allerhanne ynformaasje en foto’s sjen.
Theo Kuipers fertelde ûnder oaren oer Achlumers dy’t yn it leger fan Napoleon sitten hiene, wa’t de earste auto hie yn Achlum en oer skoalmaster Ulrich Donia. Der is nea in strjitte yn Achlum nei dizze skoalmaster ferneamd en dy sil der ek wol net komme. It wie in master yn de tredde rang en sawol yn 1834 as 1856 foel it de ynspekteur op dat de bern net folle foarderingen makken. It lêzen wie ientoanich, it rekkenjen makken se net folle fan, it skriuwen wie sloarderich en sels it sjongen wie...”onwelluidend”.
Teake Oppewal fertelde oer de literatuer fan Achlum. Oer Klaas Keunst dy’t boer wie op Ieslumbuorren, dy’t in geleard man wie en dêrom tochten de minsken dat er tsjoender wie. Fierder fertelde er dat Achlum syn eigen Oera Linda ferhaal hie yn de tersk-wet fan Achlum dy’t skreaun is troch Paul de Liger. En hy lies in ferhaal foar fan Hylke Speerstra mei in moaie beskriuwing oer Achlum en in tal bewenners.
Theo Kuipers fertelde as lêste in ferhaal út 1804. De 13-jierrige Obes Douwes hat in prachtich sulveren horloazje, mar op in dei is er it kwyt. De fjildwachter docht ûndersyk en dan blykt úteinlik dat in jonkje fan 9 jier it stellen hat, hy is dêrtroch oansetten troch syn mem...
 
Yn it skoft en nei dy tiid wie der gelegenheid foar de (âld)Achlumers om harren ferhalen oan de skriuwers Jetske Bilker en Neeltsje Bonnema te fertellen. Der kaam fan alles nei boppe. Ferhalen oer de Rezinen Seize: de brulloft fan de minsken fan de Sûgereipôle dy´t healwei ôfsein waard: de jonkjes dy´t lagers pikten út de panfabryk om mei te knikkerjen: de faam fan Gelterp dy´t de pleats yn brân stiek en de wite brêge yn it sintrum fan Achlum dy´t by jûntiid út de feart helle waard omdat der in skûtsje lâns moast.
 
In tige slagge jûn dy´t in ferfolch kriget yn ‘e hjerst en it foarjier fan 2008, teminsten as der subsydzje jild beskikber komt. De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel komt dan yn ´e oare doarpen om dêr ferhalen te hearren. Tresoar sil dan dêr ek in lêzing fersoargje oer it oanbelangjende doarp.

De jûnen wurde hâlden yn Easterbierrum/Kleaster Lidlum, Tsjummearum/Furdgum, Doanjum/Boer, Rie, Skalsum/Peins, Seisbierrum/Pitersbierrum, Achlum, Hjerbeam, Hitsum, Tsjom, Sweins.

 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel