Jūnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
21-3-2007
Fan duveldrek nei...
Nijsgjirrige ferhalen út Frjentsjerteradiel
 
De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel siket ferhalen. Alle doarpen fan Frjentsjerteradiel hawwe harren eigen nijsgjirrige plakjes mei bypassende ferhalen. Dizze ferhalen sykje we en dêr wurdt in boek fan makke. Oan de hân fan de ferhalen en bypassende foto’s wurde rûtes útsetten.
Hjir hawwe we help by nedich!
Op 10 april sette we útein. Om 20.00 oere komt Tresoar yn it Doarpshûs yn Achlum. Tresoar jout op dizze jûn in lêzing oer it ferline fan Achlum, dit moat in oanset jaan om mei ferhalen of oanfollingen te kommen.
 
Guon minsken yn Achlum en Hitsum witte wêr’t Duveldrek leit, mar wêrom hyt dat plak sa? Hoe komt Doaium oan syn namme? Wa wiene Swarte Gerrit en Marten Blom fan de kastieltsjes? Hoe seagen dy kastieltsjes derút? Wat is der bard mei de skonken fan Bauke Roosma út de Bargehoeke?
Wy binne nijsgjirrich nei ditsoarte ferhalen en we besykje se boppe tafel te krijen. Yn âlve jûnen geane we nei de doarpen yn Frjentsjerteradiel en freegje de bewenners fan de doarpen om harren ferhalen te fertellen. Op al dizze jûnen fersoarget Tresoar, op fersyk fan de Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel, in lêzing oer it ferline fan it oanbelangjende doarp.
 
In pear bekende profesjonele skriuw(st)ers skriuwe fan alle doarpen in tal ferhalen. Dêr wurdt in boek fan gearstald, mei foto’s en rûtes. By de ferhalen komt in foto fan it plak wêr’t it him ôfspile hat. Kuier-, fyts- en autorûtes liede de minsken lâns dizze bysûndere plakjes yn hiel Frjentsjerteradiel. Yn 2008 wurdt it boek útjûn en wurde de rûtes op in feestlike wize “iepensteld”
Op ynternet wurdt in hiemside makke, hjir is it ferrin fan dit projekt te folgjen. De data fan de jûnen yn de doarpen binne dêrop te finen. Letter komme de ferhalen en de rûtes derop. De ferhalen wurde ynsprutsen mei de rûtes der tuskenyn. De (jonge)lju kinne it dan del lade op in mp3, en dan kinne se sa de rûte folgje. Op in tal plakken yn Frjentsjerteradiel komme mp3’s te lizzen, dy’t te hieren binne. Foar de bern fan de basisskoallen komme der oanpaste rûtes mei stripfigueren dy’t de ferhalen fertelle.

Yn april 2007 wurdt de earste jûn hâlden yn Achlum. Yn it neijier fan 2007 en it foarjier fan 2008 wurde de oare jûnen hâlden.

De jûnen wurde hâlden yn Easterbierrum/Kleaster Lidlum, Tsjummearum/Furdgum, Doanjum/Boer, Rie, Skalsum/Peins, Seisbierrum/Pitersbierrum, Achlum, Hjerbeam, Hitsum, Tsjom, Sweins.
 
© 2020 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel