Wa binne wy┌tfierde projektenOp syk nei ferhalenSkriuwers
Jetske Bilker

Jetske BilkerJetske Bilker, dy’t yn 1960 yn Seisbierrum berne is mar dêrnei nei Deventer ferhuze, wennet sûnt 2001 wer yn Frjentsjerteradiel, yn Achlum mei man en soan. Yn 1988 debutearre se mei Imitaasjelear, in roman oer in opgroeiend fanke. In nacht fan hûs, in ferhalebondel oer relaasjeperikelen dy’t spylje yn de jierren ’90 folge yn 1997 en yn 2004 skreau se it boekewikegeskink Oar plak oare tiid, oer in frou dy’t hals oer de kop fereale wurdt, mar yntusken wol in man en in bern hat, dêr’t se foar soargje moat.

Dit lêste boek is yn it Nederlâns útkommen ûnder de titel Andere plaats, andere tijd.
Soms docht se mei oan in sammelbundel mei ferhalen, lykas Flessepost, dêr’t Fryske skriuwers brieven werom skreaunen oan minsken dy’t in briefke yn in flesse stoppe hienen. Jetske Bilker siet yn de redaksje fan literêre tydskriften as Trotwaer en Farsk. Op it stuit is se resinsint by de Leeuwarder Courant foar it Fryske proaza.

 
© 2019 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel