Wa binne wy┌tfierde projektenOp syk nei ferhalenSkriuwers
Mindert Wynstra
Mindert WynstraMindert Wynstra (Drachten 31-12-1945) is skriuwer fan berne- en jongereinboeken.
Syn ‘Hûs fol ferhalen’ waard bekroand mei de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Frysktalige berneboek en krige ek in fermelding op de ‘honourlist’ fan de IBBY (1994).
Op dit stuit wurket hy oan in langrinnende searje berneprogramma’s foar Omrop Fryslân:
’Fratsen’.
Njonken syn wurk as skriuwer hat Mindert Wynstra him de lêste jierren hieltyd mear ûntwikkele as ferhaleferteller. Hy hat him benammen talein op it fertellen fan âlde Fryske folksferhalen. Fan in grut tal fan dizze sêgen en leginden hat er achterhelje kind wêr ’t se spylje en hoe’t se op dy plakken noch fuortlibje. Yn 1998 hat er fan dy ‘lokaasjeferhalen’ in bondel útbrocht ûnder de namme ‘It kweade wiif fan Hylpen’.
Yn 2006 is der by de Afûk in harkboek útkommen (op CD) mei troch Mindert Wynstra fertelde bisteferhalen, ek ôfkomstich út de folksfertellingen: ‘It lân achter de heuvel’. Yn 2007 hat er dêrfoar de ´Bongelboekepriis´ krige en de bekroaning fan de berneboekesjuery fan dat jier.
 
© 2019 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel