Wa binne wy┌tfierde projektenOp syk nei ferhalenSkriuwers
Frysk Sjongspektakel Frjentsjerteradiel

Op 8 april 2005 hawwe wy yn de Trije yn Frjentsjer it “Frysk Sjongspektakel Frjentsjerteradiel” hân. De gemeente Frjentsjerteradiel hat jild beskikber steld foar it Frysk belied en dat is de oanlieding west foar it organisearjen fan dizze middei.

860 bern fan de groepen 6,7,8 fan alle basisskoallen fan Frjentsjerteradiel sieten dizze middei yn de Trije. Op skoalle hiene se in nij Frysk ferske ynstudearre en dat lieten se op dizze middei sjen. Remon de Jong, de rapper fan Omrop Fryslân prate de middei flot oanelkoar. As ekstra hiene Piter Wilkens en Remon de Jong spesjaal foar dizze middei twa ferskes makke. It Sjongspektakelliet oer de Ljip, mei alle plaknammen fan Frjentsjerteradiel deryn. By dit ferske hearde in leuk dûnske dat dien waard troch in tal skoalbern. En it liet Simmermoarn, mar dan op in moderne wize.

It wie in ûnferjitlik, spetterjend Sjongspektakel. Alle skoallen hienen in hiele moaie presintaasje en sa koene de bern genietsje fan mar leafst 20 hiel ferskillende akts
De ferskes, dy’t de bern op dizze middei sjongen hawwe en de twa nije ferskes fan Piter en Remon binne opnommen en dêr is in cd fan makke. Alle bern dy’t der dizze middei west hawwe krije sa’n cd!
 
You need to a flashplayer enabled browser to view this YouTube video
De lieten dy’t songen binne op it Sjongspektakel binne nije lieten en dêr is yn gearwurking mei Cedin in boek fan makke. Yn totaal 32 ferskes steane der yn it boek. It is in fleurich boek dat der hiel nijsgjirrich útsjocht.
It boek is te keap by de boekwinkels yn Frjentsjerteradiel en by de AFUK boek winkel yn Ljouwert. Der binne ek ynsongen en karaoke-cd’s fan te keap, makke troch Omrop Fryslân. De skoallen yn Frjentsjerteradiel hawwe de boeken as lesmateriaal oanbean krigen. Oare skoallen kinne kontakt opnimme mei Cedin as se ek mei dizze moderne ferskes oan ´e slach wolle.

Dizze middei mei alles der omhinne is mei mooglik makke troch de sponsers; de gemeente Frjentsjerteradiel, de Douwe Kalma stifting, de P.W. Janssens Friesche stichting, en de Rabobank.
 
© 2019 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel