Fan duveldrek nei... |
Tusken 10 april 2007 en 12 novimber 2008 hat it bestjoer fan it Frysk Spektakel mei help fan Tresoar: it Frysk histoarysk en Letterkundich Sintrum 11 ferteljûnen yn 11 doarpen fan Frjentsjerteradiel organisearre.
Theo Kuiper en Teake Oppewal meiwurkers fan Tresoar fertelden op sa’n jûn wat se yn ‘e argiven oer it doarp fûn hienen. Se lieten âlde kaarten en foto’s sjen op it grutte skerm. Arjen Wiersma, systeembeheer en kompjûterservice soarge der alle kearen foar dat de technyk yn oarder wie. De besikers fan de jûnen waard frege de ferhalen oan te follen en oare ferhalen te fertellen dy’t bard wienen yn harren doarp.
Sjoch ek ûnder;
Fotograaf Ruud C. Hoff hat de plakken dêr’t de ferhalen harren ôfspile hawwe, yn byld fêstlein. Der is in rûte makke troch alle doarpen en by alle 30 ferhalen lâns. Foar auto’s , fytsers en kuieraars.
Op 16 maaie is it boek útkommen. Der is in harkboek fan makke en der is in grutte rûtekaart makke.
Oan dit projekt hawwe in hiele protte minsken meiwurke. Foar elkenien dy’t holpen hat: tige tank!
|