Wa binne wy┌tfierde projektenOp syk nei ferhalenSkriuwers
Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel

It bestjoer fan de stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel bestiet út;

Henk Dotinga, foarsitter
Joke de Witte
Sietske van der Mei, ponghâldster
Rudger Wierma
Roelie Greidanus, skriuwster

De Stifting Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel
Ein 2002 is de Stifting oprjochte mei as doel; It Frysk yn Frjentsjerteradiel op in populêre wize by de minsken te bringen.It jild dat de gemeente foar it Frysk Belied útlutsen hat wurdt oanfrege foar de projekten.

Projekten
Sjongspektakel yn 2004-2005 foar basisskoalle bern
Op freed 8 april 2005 is it Frysk Sjongspektakel Frjentsjerteradiel foar de groepen 6,7 en 8 fan de basisskoallen yn de gemeente organisearre. Alle skoallen hiene in nij liet útkeazen en presintearren dat op dizze middei. Der diene ferneamde artysten oan mei, sa as Piter Wilkens, Remon de Jong en Jan Arends. De bern krigen allegear in cd dy’t op dizze middei opnommen wie.
In part fan it plan fan de kommisje wie it ûntwikkeljen fan nij materiaal. Yn gearwurking mei Cedin (foarhinne GCO) Fryslân is der in lietebondel mei 32 nije ferskes, mei dêrby in ynsongen oefen-cd en boekjes foar de bern útjûn. Dizze boeken en cd’s binne as lesmateriaal oan alle skoallen fan Frjentsjerteradiel oanbean.

Fan Duveldrek nei ... 2007-2009 foar alle ynwenners fan Frjentsjerteradiel.
Folksferhalen út Frjentsjerteradiel ferteld troch de ynwenners fan dizze gemeente. De skriuwers Jetske Bilker, Neeltsje Bonnema en Mindert Wynstra hawwe de ferhalen opskreaun. Fotograaf Ruud C. Hoff hat de foto’s makke. Op 16 maaie 2009 is it boek: Fan Duveldrek nei Hoarnestreek útkommen. In boek mei 30 ferhalen, in protte foto’s, in rûtekaart troch de gemeente, anekdoates en rûtes troch alle doarpen.
Der is in harkboek fan makke. De skriuwers hawwe harren eigen ferhalen foarlêzen.
Der is in rûtekaart makke fan de gemeente, mei dêrop oanjûn wêr’t de ferhalen harren ôfspylje.

 
© 2019 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel