JŻnen yn de doarpenFerslaggenParseberjochtenSkriuwers
Jetske Bilker

Jetske BilkerJetske Bilker, dy’t yn 1960 yn Seisbierrum berne is mar dêrnei nei Deventer ferhuze, wennet sûnt 2001 wer yn Frjentsjerteradiel, yn Achlum mei man en soan. Yn 1988 debutearre se mei Imitaasjelear, in roman oer in opgroeiend fanke. In nacht fan hûs, in ferhalebondel oer relaasjeperikelen dy’t spylje yn de jierren ’90 folge yn 1997 en yn 2004 skreau se it boekewikegeskink Oar plak oare tiid, oer in frou dy’t hals oer de kop fereale wurdt, mar yntusken wol in man en in bern hat, dêr’t se foar soargje moat.

LÍs mear...
 
Mindert Wynstra
Mindert WynstraMindert Wynstra (Drachten 31-12-1945) is skriuwer fan berne- en jongereinboeken.
Syn ‘Hûs fol ferhalen’ waard bekroand mei de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Frysktalige berneboek en krige ek in fermelding op de ‘honourlist’ fan de IBBY (1994).
Op dit stuit wurket hy oan in langrinnende searje berneprogramma’s foar Omrop Fryslân:
’Fratsen’.
LÍs mear...
 
Neeltje Bonnema
Neeltje BonnemaNeeltje Bonnema is berne op Koehoal oan de seedyk ûnder Tsjummearum. Sûnt 1999 publisearret se gedichten en koarte ferhalen yn literaire blêden en dichtbondels.
Yn augustus 2005 ferskynde har earste bondel mei koarte ferhalen, ''Rachlan'' by útjouwerij "Venus''.
Fan 2004 ôf oant no ta, skreau se it huldegedicht foar de PC-kening.
Neeltje Bonnema wurket al in tal jierren mei oan de skriuwerskalinder en is sûnt 2000 lid fan skriuwersploech, ''Hysp''

 

 
© 2019 Frysk Spektakel Frjentsjerteradiel